Fjirde generaasje
Jan Feddes (1736-1707)


IV.1 JAN FEDDES, arbeider yn Sonnegea, Nijskoat en Nijeholtpea

1736 Mildam - 7-2-1807 Aldskoat
x Ypkje Reitzes, Aldskoat 13-5-1764
1743 Rottum - 20-6-1825 Aldskoat
df. Reitze Hotses en Martzen Willems

Út dit houlik:
1. Martzen 6-6-1765 Sonnegea
2. Fedde 11-1-1767 Sonnegea
3. Hendrikje 26-3-1769 Sonnegea
4. Reinskje 26-12-1771 Sonnegea
5. Loltje 13-2-1774 Nijskoat
6. Reitze 21-12-1776 Nijskoat
7. Jacob 13-7-1779 Nijskoat
8. Hendrik 7-3-1783 Nijeholtpea

Dat Jan Feddes foar 1812 stoarn is, hat ta gefolch dat de famyljenamme Jonkman wurden is. Omdat de famylje grif yn 'e buert fan de tsjerke wenne, keazen de broers Doekle en Hendrik Feddes foar de achtenamme Kerkstra. Mar Jacob en Hendrik Jans giene der net yn mei en keazen, op grûn fan it feit dat it noch jongkeardels wiene, foar Jonkman.


Nei boppesteande houliksbefêstiging ferfarden Jan en Ypkje inkelde kearen fan it iene doarp nei in oar, al nei gelang wer't wurk as boerearbeider te finen wie. Hjirûnder komme se fan Sonnegea nei Nijskoat.


Oer soan Fedde Jans haw ik fierder neat fine kind. Reinskje Jans neamt yn 1795 har âldste soan Fedde, dat wiist derop dat Fedde Jans earder, faaks koartlyn, ferstoarn wie.